Fytspaad neffens earste plan

28 feb 2003 - 00:00

Dongeradiel wol it fytspaad tusken Mitselwier en Dokkumer Nije Silen neffens de oarspronklike plannen oanlizze. De provinsje hat de gemeente witte litten dat de oanlis folle djoerder wurdt. Wethâlder Boorsma sei tongersdei yn in kommisjegearkomste dat dat gjin reden is foar in oanpassing.

De komst fan it fytspaad is al folle langer in winsk fan de gemeente. Doel is dat takom jier mei de oanlis begûn wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)