Lauwersmar Nasjonaal park

© Omrop Fryslân
Dongeradiel is net langer tsjin it oanwizen fan de Lauwersmar as Nasjonaal Park. De gemeente hie dêr beswieren tsjin om't it gebiet dan iepen komt foar sâlt wetter út de Waadsee. Der leit no in garânsje dat dêr yn in letter stadium noch oer praat wurdt.
Oare belutsen partijen by it omfoarmjen fan de Lauwersmar ta Nasjonaal Park, wolle troch de beswieren fan Dongeradiel noch sjen nei dat ynlitten fan sâlt wetter yn it gebiet.