50 wurkplakken foar Hearrenfean

27 feb 2003 - 00:00

De produksje fan de enerzjybesparjende ICCU komt nei It Hearrenfean. Dat betsjut earst 50 nije wurkplakken. Yn de takomst kinne dat mear wurde neffens direkteur Van Bakkum fan it bedriuw dat ICCU produsearret. Van Bakkum besleat de produksje nei 't Fean te heljen nei in petear mei wethâlder Brouwer.

Earder wie al bekend dat yn Hearrenfean in proef holden wurdt mei de ICCU. Der binne tûzen minsken dy't meidwaan kinne, foar in legere enerzjyrekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)