Komitee keart doarwarder

27 feb 2003 - 00:00

Leden fan it steunkomitee op It Amelân ha tongersdei opkeard dat de doarwarder persoanlik de brieven fan it COA oan de asylsikers joech. Yn it brief stiet dat de asylsikers binnen trije wurkdagen fan it eilân moatte. De leden ha de doarwarder frege de opfang te ferlitten en dat die er nei in skoft ek.

De doarwarder lit de 17 brieven achter op in kantoar. It steunkomitee jout de brieven persoanlik oan de asylsikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)