Beurs Tuin yn FEC is iepene
De beurs Tuin is woansdei yn it FEC yn Ljouwert iepene. It is de achtste edysje fan de beurs. Besikers kinne ynspiraasje opdwaan by acht modeltunen.
Tunen wurde hieltyd populêrder. Minsken stekke ek hieltyd mear jild yn de oanlis fan in moaie tún, ek al binne de tiden ekonomysk wat minder. Der is ek omtinken foar duorsumheid en tweintich keunstners eksposearje har wurk. De beurs duorret oant en mei snein.