Skylger Oerol bringt 'útferkeap'

26 feb 2003 - 00:00

It Oerol-festival hâldt sneon yn Paradiso yn Amsterdam in 'útferkeap' fan optredens. Dêrmei protestearje se tsjin nije subsydzjemaatregels fan it ministearje fan Kultuer. Jild foar simmersfestivals wurdt nei kulturele fûnsen oerhevele.

Oerol op Skylge is bang dat se in festival tsjin ôfbraakprizen organisearje moatte. Ek wurde net folle subsydzje-oanfragen honorearre en is de reden dêrfan faak net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)