Hotel Ternaard wint ANWB-test

26 feb 2003 - 00:00

Herberch De Waard yn Ternaard is winner fan de hoteltest fan it ANWB-blêd Reizen. Twa meiwurkers fan dat blêd hawwe der anonym op besite west. Sy hawwe de service, de ynrjochting fan de keamers, de lizzing fan it hotel en ek it moarnsiten beoardiele.

Trochstrings krigen dy ûnderdielen it rapportsifer 9,5, it heechste fan alle ûndersochte 46 hotels. De Waard bestiet sûnt maaie en waard oprjochte troch Gjalt Pilat en Garmt Visser.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)