Opsterlân fiert goed belied

© Omrop Fryslân
De gemeente Opsterlân fiert it romtlike oardeningsbelied goed út. Dat jildt ek foar it feilichheids-, miljeu- en boubelied. Der binne mar inkele ûnderdielen dêr't de gemeente it wat op sitte lit. Dat seit de ynspeksje fan it ministearje fan RO en Miljeu.
Neffens it ministearje waard noch net genôch sjoen nei asbest by it toetsen fan sloopfergunnings. Der moat ek better belied komme foar it tafersjoch op it hanthavenjen fan regels.