'AH-oandielen ferkeapje'

25 feb 2003 - 00:00

De Friesland Bank advisearret har klanten om oandielen yn Albert Heijn te ferkeapjen. Oandielen yn Ahold, it memmekonsern, wienen altyd in solide ynvestearring. Oant it grutte finansjele skandaal fan moandei. De wearde naam mei twa-tredde ôf.

By de AH-winkels yn Fryslân is net folle te merken fan it skandaal. It is noch altyd like drok. Ek drok is it by de bank. In soad minsken belje om te freegjen wat de gefolgen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)