Hospitaalskip yn Fryslân

25 feb 2003 - 00:00

De Prins Willem-Alexander is in nagelnij ferpleechhûsskip. Fan 'e wike is de boat foar in promoasjetoer yn Snits (tiisdei) en Drachten (tongersdei).

De Prins Willem-Alexander is fan de Stichting Varende Recreatie. Dy fersoarget fakânsjes foar âlderen, handikapten en groanysk siken. It skip is lêsten offisjeel doopt troch prinses Máxima. It skip is 85 meter lang en der is plak foar 50 ferpleechhûspasjinten.  

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)