Debat live op radio en TV

25 feb 2003 - 00:00

Omrop Fryslân stjoert woansdei it debat oer de sweeftrein live út op radio en TV. De ekstra útstjoering begjint om 17.00 oere en duorret oant op syn lêst 19.30 oere. Fan 19.30 oere ôf is de programmearring wer gewoan.

Listlûker Andriesen fan de PvdA hie de Omrop frege it debat út te stjoeren. Neffens har giet it elkenien oan. De kiezer kin syn miening foarmje foar de ferkiezings fan 11 maart. It is de earste kear dat de omrop soks docht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)