Frysk Lieteboek bestiet 25 jier

© Omrop Fryslân
It Frysk Lieteboek foar de Tsjerken bestiet 25 jier. Fan 't maitiid wurdt dat fierd mei sjongtsjinsten en teaterspul yn Dokkum, Warkum, Ljouwert en Drachten. Der is foar tsjerken ek materiaal beskikber om sels in Fryske tsjinst te hâlden en sa omtinken oan it jubileum te jaan.
Troch de bondel binne der mear Fryske earetsjinsten hâlden. It Kristlik Frysk Selskip bringt mooglik in lieteboek op cd-rom út.