Part fan asylsikers mei bliuwe

25 feb 2003 - 00:00

It COA mei it asylsikerssintrum op It Amelân net ûntromje. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert tiisdei besluten yn in koart pleit. It COA wol de oanfoljende opfang op it eilân slute. Seis gesinnen mei bern dy't nei Kollum oerpleatst wurde soenen, meie bliuwe om't de bern sa it skoaljier op it eilân ôfmeitsje kinne. Reden is dat it azc yn Kollum meikoarten ek ticht giet.

Foar acht oare gesinnen bliuwt de mooglikheid fan oerpleatsing fan krêft.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)