Sintrum De Gordyk moat oars

25 feb 2003 - 00:00

It sintrum fan De Gordyk funksjonearret net goed. De riedsfraksje fan de PvdA prate moandei mei de ûndernimmers oer it probleem. De swierrichheden moatte yn kaart brocht wurde. Dêrfoar moat earst in bestimmingsplan kommen.

Ien fan opsjes wie om de biblioteek en it kultureel sintrum De Skâns op in oar plak te setten. Oft dat helber is, wurdt noch besjoen. It kolleezje komt meikoarten mei in bestimmingsplan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)