Wâldrock hellet Type O Negative

25 feb 2003 - 00:00

De organisaasje fan muzykfestival Wâldrock yn Burgum hat al twa bands fêstlein foar de kommende edysje. It giet om Type O Negative út Amearika en it Nederlânske Peter Pan Speedrock. Meiinoar sille by Wâldrock 16 bands optrede, ferdield oer twa poadia.

It grutte metalfestival is dit jier op sneon 21 juny. Wâldrock hie ferline jier foar it earst twa poadia. Dat hat sa goed foldien, dat dizze formule trochset wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)