Piloat as mental coach sporters

24 feb 2003 - 00:00

Piloat Peter Tankink sil meikoarten Olympyske sporters mentaal trene. De F-16 fleaner sil in lêzing jaan oan sa'n 150 kandidaten foar de Spelen yn Athene oer de tarieding op in wichtich barren.

Tankink hat as squadronlieder aktyf west yn Kosovo en wie dêr belutsen by gefjochtshannelingen. Hy is frege troch Joop Alberda fan NOC/NSF. Ek reedrydleginde Eric Heiden en Guus Hiddink wurkje mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)