GBF wol handikapten stypje

© Omrop Fryslân
De provinsje moat mear dwaan oan de wurkgelegenheid fan minsken mei in handikap of oare achterstânssituaasje. Dat soe kinne troch betingsten te ferbinen oan subsydzjes oan bedriuwen. Dat seit listlûker Kloosterman fan Gemeentebelangen Fryslân.
De provinsje jout sels in min foarbyld om't it doel om 5 prosint handikapten yn tsjinst te hawwen, net helle wurdt. Troch it minne belied soene dy minsken bûten de mienskip set wurde.