Digitale party yn Wynjewâld

© Omrop Fryslân
Yn Wynjewâld koenen 'gamers' sneon har hert ophelje. Dêr wie in saneamde LAN-party. LAN stiet foar Local Area Network, in stel oan inoar keppele kompjûters. Troch alle kompjûters fan de besikers mei-inoar yn ferbining te stellen, koene de leafhawwers mei-inoar spultsjedwaan.
Ek yn Fryslân wurde de LAN-partys hieltiten populêrder. Al foel de opkomst yn Wynjewâld wat ôf.