Koart sportnijs

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean hat him definityf oanmelden foar de Yntertoto-kompetysje. Der meie twa Nederlânske ploegen meidwaan. It Fean moat foar dielname op syn minst as tolfde einigje yn de kompetysje. Fia de Yntertoto kinne klubs har pleatse foar de UEFA-Cup.
B-junior Oguzhan Türk fan Hearrenfean is selektearre foar it Nederlânsk alvetal ûnder de santjin jier. Dat team spilet op 4 maart in freonskiplike wedstryd tsjin Sweden.