Parkeardek Lauwerseach hast ôf

© Omrop Fryslân
Mei de komst fan in nij parkeardek by de haven fan Lauwerseach, binne de parkearproblemen ynkoarten oplost. Der wurdt op dit stuit hurd wurke oan it trije miljoen euro kostjende terrein, dat yn maaie klear is.
Nei de ferbouwing is it tal parkearplakken útwreide mei 600, oant yn totaal 1600 bewaakte plakken. As alles klear is, sil de gemeente it wyldparkearen by de haven strang oanpakke.