Cambuur op jacht nei trilogy

11 mrt 2012 - 14:52

Cambuur giet moandei op jacht nei de tredde oerwinning op rige. Nei de winst op Volendam en FC Dordrecht wolle de Ljouwerters no de folle winst pakke op AGOVV Apeldoorn. De opstelling fan Cambuur wykt op ien plak ôf as yn de wedstriid tsjin FC Dordrecht. Charles Dissels is blesseard. Syn ferfanger is Bob Schepers.

Cambuur kin ek noch gjin berop dwaan op Erik Bakker en Sandor van der Heide. Sy binne beide ek noch blesseard. Fierder is de seleksje fit. Nei twa oerwinnings is it gefoel goed. "De schwung zit er in" sa sei trainer Alfons Arts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)