Cambuur-Den Bosch: 0-3

© Omrop Fryslân
Foarige wike like it der noch op dat foar Cambuur bettere tiden kommendewei wiene. De ploech wûn doe mei 1-4 fan Veendam. Mar freed waard yn eigen hûs kânsleas mei 0-3 ferlern fan Den Bosch.
Yn 'e seisde minút al makke Van de Laak 0-1 troch in blunder fan Dominique van Dijk. Dêrnei hiene de Ljouwerters net folle mear yn te bringen tsjin de klup fan har âld-trainer Gert Kruys. Michels en noch ris Van de Laak makken der úteinlik 0-3 fan foar de Bossenaren.