'Gjin problemen ûntfangst Omrop'

© Omrop Fryslân
Mei de ûntfangst fan Omrop Fryslân binne neffens steatssekretaris Wijn gjin problemen. De Omrop sit op in nije eterfrekwinsje. Dêrnei is de ûntfangst fan de Omrop op in grut tal plakken minder wurden. Ut ûndersyk troch Nozema hat no bliken dien dat dy ûntfangst neffens de noarm is. It soe te krijen ha mei de kwaliteit fan de radio's.
Omropdirekteur Gaanderse neamt de útkomst 'onvoorstelbaar'. De Omrop wol no in ûnôfhinklik ûndersyk ynstelle.