Hearrenfean warskôget provinsje

21 feb 2003 - 00:00

De gemeente Hearrenfean sil skeafergoeding freegje fan de provinsje as dy fêsthâldt oan it talitten fan lytsere bedriuwen op it ynternajonale bedriuweterrein IBF. It IBF sit yn de problemen sûnt kompjûterfabryk SCI sletten is en belangstelling fan oare grutte bedriuwen achterbliuwt.

Neffens de gemeente kin it IBF mei lytse bedriuwen in konkurrint wurde fan bedriuweterrein Klaverblêd Noardeast en yn dat gefal in soad jild misrinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)