Goeie sjochsifers Omrop Fryslân

21 feb 2003 - 00:00

De nije programmearring en de útwreiding fan stjoertiid fan Omrop Fryslân tv slacht goed oan. Dat docht bliken út de oersjoggen fan de sjochsifers dy't Intomart út Hilversum bekendmakke.

Ferlike mei de sifers fan in jier lyn is it deiberik ûnder Friezen fan 13 jier en âlder mei in tsien prosint tanommen en it wykberik mei tweintich prosint. 'Baas Boppe Baas' is de topper mei in 145.000 sjoggers de ôflevering.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)