'Margarita-HP' suver útferkocht

20 feb 2003 - 00:00

De HP/De Tijd mei it ferhaal fan Prinses Margarita gie ek yn Fryslân by boskjes oer de toanbank. Yn it tydskrift docht de dochter fan Prinses Irene in boekje iepen oer de Keninklike famylje. Margarita seit tsjinwurke te wurden troch ûnder oare Keningin Beatrix. Dat soe ûnder oare komme trochdat har man net akseptearre wurdt.

Ferline wike ferskynde diel 1 fan it ferhaal. Dat eksimplaar wie ek al hiel gau nearne mear te besetten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)