Accell ferkeapet goed

20 feb 2003 - 00:00

Fytsefabryk Accell op It Hearrenfean buorket goed. Ferline jier naam de nettowinst mei ientredde ta nei 6,8 miljoen euro. Oer it generaal wurde minder fytsen ferkocht, mar by Accell giene krekt mear eksimplaren nei in nije eigner.

Accell hat ferline jier mei-inoar 785.000 fytsen ferkocht. It giet dan benammen om de djoerdere fytsen, dy't goedkeap makke wurde yn Hongarije. De ferwachting is dat de groei trochset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)