Grutte Tsjerke Ljouwert is klear

20 feb 2003 - 00:00

De restauraasje fan 'e Grutte Tsjerke yn Ljouwert is klear. It wurk koste oardel miljoen euro en hat oardel jier duorre. It stúk- en foechwurk is fernijd en de âlde stuollen binne ferfongen troch nije. Fierders is der in nije yngong fan glês en stiel.

Oanlieding foar de opknapbeurt wie ek de oanwêzigens fan 'e bûnte kjifkrobbe. Om foar te kommen dat er weromkomt, binne yn 'e souder siichgatten makke. It ynsekt kin net oer sigerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)