Trein rydt troch stjitblok hinne

20 feb 2003 - 00:00

Op it stasjon yn Ljouwert is tongersdei in frachttrein ûntspoard. De trein ried by it ranzjearjen nei alle gedachten te hurd en kaam troch in stjitblok hinne. Tsjin in mêst fan de boppelieding kaam de trein ta stilstân.

Der wienen gjin ferwûnen, wol in soad skea. De trein moat mei grutte kranen wer op de rails set wurde. De fracht bestie út konteners mei molkprodukten. Twa jier lyn wie op it selde plak in selde soarte ûgelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)