Aksje tsjin deastraf yn Sina

20 feb 2003 - 00:00

De provinsje komt yn aksje tsjin de deastraf fan twa Tibetanen. Se binne yn Sina oppakt om politike redenen. Neffens Amnesty International binne de rjochten fan de minske skeind en binne de rjochtsaken net earlik ferrûn.

De provinsje hat in brief skreaun oan de provinsje Sichuan yn Sina. Dêryn uteret de provinsje har soargen oer de gong fan saken. Fryslân hat in ekonomyske bân mei de Sineeske provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)