Reklame sintraal by 250 jier DE

© Omrop Fryslân
Dowe Egberts-reklames moatte dit jier 20.000 ekstra besikers lûke nei it DE-museum op 'e Jouwer. Reklame is de reade tried fan de nije útstalling yn it ramt fan it 250-jierrich jubileum fan de kofjebrander.
De útstalling waard woansdei iepene en lit de ûntjouwing fan DE sjen, fan winkeltsje yn kofje, tee en tabak oant ynternasjonaal bedriuw. Yn dy ûntjouwing spile reklame de lêste hûndert jier in grutte rol.