Tsiisfabryk Easterwâlde ticht

19 feb 2003 - 00:00

Friesland Coberco Dairy Foods slút it tsiisfabryk yn Easterwâlde. Ek it fabryk yn Assen moat ticht. Personiel en fakbûnen binne woansdei op de hichte brocht fan de sluting healwei 2005. Yn Easterwâlde wurkje 90 minsken. Se kinne werpleatst wurde yn ferskate festigingen.

Earder waard al bekend makke dat de suvelfabriken yn Olterterp en Burgum sletten wurde. Dat proses krijt fan it simmer syn beslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)