Demonstraasje tsjin sluting azc

19 feb 2003 - 00:00

De protestmanifestaasje tsjin de sluting fan it azc yn Snits hat woansdei goed hûndert belangstellenden lutsen. De organisaasje wie yn hannen fan learlingen fan de Friese Poort. Dy hiene hope op mear.

Nei ôfrin fan in koarte mars troch de stêd waarden de demonstranten ûntfongen troch boargemaster Hartkamp fan Snits. De groep bestie benammen út bewenners en âld-bewenners fan it azc sels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)