Foudgum wol mear toeristen lûke

© Omrop Fryslân
Foudgum wol de bân mei Piet_Paaltjens oanhelje. De skriuwer, waans echte namme Francois_Haverschmidt wie, wie dêr fan 1859 ôf trije jier dûmny.
Yn Foudgum is al in monumint foar him, mar doarpsbelang wol dat op in promininter plak ha. Toeristen moatte mei ynformaasjebuorden mear lêze kinne oer de skiednis fan de dichter en it doarp. Der binne subsydzjes beskikber foar de plannen dy´t dit jier noch útfierd wurde sille.