LPF mikt op fiif steatesitten

© Omrop Fryslân
De LPF-Fryslân mikt op fiif sitten by de steateferkiezings fan 11 maart. Dat sei listlûker Oosterhuis tiisdei by de start fan 'e LPF-kampanje op it Reaklif by Warns. De LPF reizge tiisdei yn in grutte LPF-bus troch Fryslân en dielde yn 'e gruttere plakken folders út.
Yn it Fryske LPF-programma stiet gjin wurd oer asylsikers of yntegraasje, want dat is in lanlik tema. Der steane alve, relatyf ûnbekende nammen op de LPF-list.