Undersyk skeel tsjerke Easterein

18 feb 2003 - 00:00

De tsjerkeried fan Easterein moat ôfgean. Dat easkje 120 tsjerkegongers. Oanlieding is de rûzje tusken dûmny Zylstra en de tsjerkeried. Dy duorret al in pear moannen en wurdt almar grutter. Zylstra is al sûnt de simmer op non-aktyf set om't er net goed funksjonearje soe.

Neffens guon gemeenteleden leit de skuld by de tsjerkeried. In tuchtkolleezje fan de SOW-tsjerke is frege de kwestje te ûndersykjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)