Cambuur rint keunstgersjild mis

18 feb 2003 - 00:00

Cambuur krijt gjin subsydzje fan 'e UEFA foar de oanlis fan in keunstgersfjild. Tiisdei makke de KNVB bekend dat de subsydzje fan 200.000 euro nei Heracles giet. Wêrom at der krekt foar de klub út Almelo keazen is, is noch net bekend. Cambuur wol de plannen foar in keunstgersfjild wol trochsette, as it heal kin.

De klub hopet no troch sponsoring en it besunigjen op de oefenfjilden op de Hemrik it jild op it kleed te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)