Papierferwurking stiet stil

18 feb 2003 - 00:00

Papierferwurkingsbedriuw Huhtamaki yn Drachten stiet sûnt moandeitemiddei 12 oere stil. Der hat brân west yn in snijmasine, in saneamde 'shredder'. Nei alle gedachten is it fjoer ûntstien troch wriuwing doe't papier fêst kaam te sitten op in transportbân.

It personeel hat it fjoer sels útmakke, mar de brânwacht hat noch lang oan it neiblussen west. De skea rint yn de hûnderttûzenen euro's. Mooglik kin de masine tiisdei wer opstart wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)