Fallende tûken yn Elfebosk

© Omrop Fryslân
Kuierders en ruters kinne yn 'e Elfebosk by Aldemardum wolris in tûke op 'e holle krije. Der wurde 1500 beammen kapt en ôffierd. Oeral stean warskôgingsbuordsjes en guon paden binne ôfset. Beammen dy't trochseage binne en noch yn 'e tûken fan in oare beam hingje, binne it nuodlikst.
De beammen binne mei harren 60 oant 80 jier te âld en moatte plak meitsje foar nije oanplant. It hout giet nei de hout- en papierfabryk.