Jubileum foar Douwe Egberts

© Omrop Fryslân
Douwe Egberts fiert dit jier in bysûnder jubileum. It is 250 jier lyn dat de oprjochter Egbert Douwes syn kofjebrânerij begûn. In feestje dêrom dit jier, en ien fan de festiviteiten sette moandei út ein.
Bern fan de Haskerfjildskoalle mochten moandei trije reuseftige kofjemokken beskilderje. Ek yn Utert koene bern kofjemokken beskilderje. It resultaat is mei de iepen dagen te sjen yn de fabryk fan DE.