Meldpunt foarsjocht yn behoefte

17 feb 2003 - 00:00

It Meldpunt Overlast Leeuwarden hat twa wiken nei de start al fyftich klachten krige. Dy gean ûnder mear oer swalkers en drugsferslaafden dy't op strjitte omhingje, lûds- en stankoerlêst, fernielerij en rotsoai op strjitte. By de measte klachten is tiid nedich om se op te lossen. It giet faak om komplekse problemen, seit de gemeente Ljouwert, de inisjatyfnimmer fan it Meldpunt. Klachten kinne ek fia www.meldpuntoverlast.nl yntsjinne wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)