Hearrenfean makket Graafschap yn

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean wie snein dúdlik sterker as tsjinstanner De Graafschap. De wedstryd waard spile yn Doetinchem. De einstân waard 1-5. In hege skoare, al wiene der mear kânsen om te skoaren.
De doelpuntemakkers wiene Romano Denneboom (yn de 40ste en de 64ste minút), John de Jong, Gerald Sibon en Stefan Selakovic yn de lêste minút. It teloarstelde Graafschap-publyk gie massaal fuort foar't de wedstryd ôfrûn wie. Hearrenfean stiet no tsiende.