Feanster oanhâlden foar oerfal

© Omrop Fryslân
Mei de oanhâlding fan seis manlju hat de plysje fan Grinslân in wapene oerfal oplost. Ien fan harren is in ynwenner (38) fan it Hearrenfean. De oare fiif komme út Grinslân.
By de oerfal yn it Drintske Tiendeveen waard in 58-jierrige man yn syn kantoar yninoar slein, mei in mes bedrige en fêstbûn op in stoel. De oerfallers naaiden út mei ark en tsientûzenen euro's oan elektryske apparaten. In part fan de bút is weromfûn.