Yntocht Sint Piter yn Grou

© Omrop Fryslân
Sint Piter kaam sneon oan yn Grou, it iennige plak yn Nederlân dat 'de broer fan Sinteklaas' oandocht. Boargemaster Dykstra stie de goedhillichman al op te wachtsjen op de kaai, want Sint Piter kaam mei de boat oan.
Foar de lytse en de 'wat âldere' bern betsjut dat wer in protte wille en pakjes. Yn it doarp wiene dan ek in soad minsken op 'e lappen. In soad âld- Grousters gripe de gelegenheid oan om alle jierren wer yn it doarp te sjen.