Ferlies foar Cambuur

15 feb 2003 - 00:00

Cambuuur ferlear freedtejûn de útwedstriid tsjin Eindhoven mei 1-0. It beslissende doelpunt foel yn 'e 28e minút. Doe benutte Laponder in penalty. Dêroan foarôf gie in ôftreding fan Mario Bölster. Tiisdei moatte de Ljouwerters wer oan 'e bak. Dan wurdt op de Lange Leegte de ynhelwedstriid tsjin Veendam spile.

SC Hearrenfean spilet snein de kompetysjewedstriid yn Doetinchem tsjin hikkesluter De Graafschap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)