Unfrede oer ferkearsremmers

© Omrop Fryslân
Wethâlder Boorsma fan Dongeradiel praat takom wike mei ynwenners fan Wierum. Sy ha al tiden oan 'e gemeente frege om ferkearsremmers op de Ternaarderwei. Der binne no betonnen blombakken en kubussen delset, dy't neffens de ynwenners net helpe.
Wethâlder Boorsma is fernuvere oer de argewaasje. Neffens him hawwe de Wierumers sels kieze kinnen watfoar ferkearsremmers der komme moasten. Boppedat wie der ek hieltiten oerlis.