Fûgels ferdwine troch foks

© Omrop Fryslân
De fûgels yn it Lauwersmargebiet binne hast ferdwûn, troch de oanwêzigens fan de foks. Benammen fûgels dy't briede op de grûn binne it slachtoffer fan de opkomst fan it rôfdier. Dat blykt út ûndersyk fan Steatsboskbehear (SBB).
Der binne no 26 fokseburchten yn it natuergebiet, goed foar sa'n 250 foksen. Neffens Steatsboskbehear ferdwine de fûgels ek trochdat it gebiet hieltiten begroeider wurdt. SBB wol miskien wer jeie op de foks.