Protest tsjin útsetting Mikus

© Omrop Fryslân
Bern fan it Simon Vestdijkkolleezje yn Harns ha freed 350 hantekens oanbean oan boargemaster Piersma fan Wûnseradiel. Se wolle dat de gemeente de útsetting tsjinhâldt fan it Joegoslavyske gesin Mikus.
It gesin wennet al fjouwer jier yn Nederlân. Twa fan de bern sitte op it Vestdijkkolleezje. Piersma sei de skoalbern net folle dwaan te kinnen, om't it ryk beslút oer asylsaken. It gesin is ûnderdûkt.