Nije rjochtssaak asylsikers

14 feb 2003 - 00:00

De asylsikers op it Amelân kinne noch seker fjirtjin dagen op it eilân bliuwe. Dat komt omdat der takom wike twa nije rjochtssaken tsjinje, dy't de asylsikers oanspand hawwe.

It COA hie yn in eardere rjochtssaak sein dat de asylsikers nei it azc yn Kollum gean soene. No blykt lykwols dat dat azc dizze simmer ek tichgiet. Neffens de asylsikers hat it COA de rjochter ferkeard ynformeard, dêrom nimme se op 'e nij juridyske stappen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)