Trucks bûten it doarp parkeare

14 feb 2003 - 00:00

Frachtweinen meie tenei net mear yn de beboude kommen fan Kollumerlân parkeard wurde. B en W hawwe it ferbod ynsteld nei klachten fan doarpsbewenners oer lûds- en stankoerlêst. De frachtweinen ride faak al om fjouwer oere moarns fuort, as elk noch leit te sliepen. Ek ride se de bermen stikken fan smelle dykjes. De sjauffeurs moatte de trucks tenei mar by de baas parkeare. Dy hat de romte en der ek in miljeufergunning foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)